Nieuwspagina

Oliebollenactie 30-12-2017
Op 30 december gaat Wubbenus Jacobs weer verse oliebollen bakken en u kunt hier van genieten! De bestelformulieren zijn rondgebracht. In de week van 18-23 december worden ze weer bij u opgehaald. Ook kunt u uw bestelling vóór 30 december aan ons mailen of telefonisch aan ons doorgeven: e-mail: wubbenusjacobs@hotmail.nl / Tel. Sophia Vlug-06-25085606. Op 30 december brengen wij de oliebollen persoonlijk bij u langs. De prijzen zijn: 1 oliebol naturel € 0,70; 1 oliebol krenten € 0,90; 10 oliebollen naturel € 5,00; 10 oliebollen krenten € 7,00. Deze actie wordt gesponsord door SPAR TOLSMA ARUM.

9 december concert Wubbenus Jacobs en Oranje Bolsward
Op 4 november jl. zou muziekver. Wubbenus Jacobs deelnemen aan het FeMuZa-festival in Nijland. Maar omdat er zich maar twee korpsen hadden opgegven (nl. Wubbenus Jacobs en Oranje Bolsward) is dit festival niet doorgegaan. Als alternatief geven Fanfare Oranje te Bolsward en Wubbenus Jacobs een gezamenlijk concert op zaterdag 9 december a.s. in de Gasthuiskerk, Gasthuissingel 33, 8701 BL Bolsward. Beide orkesten staan onder leiding van Arjen Steur. Aanvang: 20.00 uur. De Toegangsprijs is € 5,00. Dit is incl. 1 consumptie: koffie, thee, limonade. De zaal is open vanaf 19.30 uur.

Rommelmarkt 14 oktober 2017
Ook dit jaar zijn we weer van plan om een rommelmarkt te organiseren. Het blijft noodzakelijk om onze kas te blijven versterken. De datum van de rommelmarkt is zaterdag 14 oktober 2017. Om het tot een succes te maken hebben we ook nu weer uw hulp nodig. U kunt ons helpen door de spullen die u niet meer gebruikt voor ons te bewaren en uiteraard door onze rommelmarkt te bezoeken op 14 oktober. U kunt uw spullen (geen witgoed of toiletpotten) inleveren bij: Tjitske van der Schaaf: tel. 0517-53 21 80 Jannie van Althuis: tel. 0517-64 20 89 Griet Bruinsma: tel. 0517-64 13 96 Ook is het mogelijk dat wij uw spullen ophalen. Hiervoor kunt u contact opnemen met bovengenoemde personen. Alvast hartelijk bedankt. De Rommelmarktcommissie van Chr. muziekver. Wubbenus Jacobs

Solistenkonkoers 28 juny 2017
Oan it ein fan it muzikale seizoen organisearje wy ek altyd in solistenkonkoers. Dat is dizze kear op woansdei 28 juny. Ek hjir binne jim allegear fan herte wolkom. It bejint om 19.00 oere.

Iepen repetysje 21 juny 2017
Op woansdei 21 juny binne wy fan doel om in iepen repetysje ta hâlden. Dat betsjut dat elkenien dan wolkom is om ris in repetysjejûn mei te meitsjen. Jim hoege jim foartiid net op te jaan. Wy begjinne om 19.30 oere.

Pinkstersnein 4 juny 2017 – kofjekonsert
De tsjerketsjinst op Pinkstersnein 4 juny (mienskiplik mei Achlum-Hitzum) sil troch ús korps muzikaal begelied wurde. It is in iepenlofttsjinst foar jong en âld by de Lambertustsjerke. De tsjinst begjint om 09.30 oere. By min waar yn tsjerke. Nei dizze tsjerketsjinst hâlde wy noch in kofjekonsert by of yn 'e tsjerke. Dat sil om 11.00 oere hinne wêze. Ek ús jeugdkorps JAMM sil in optreden fersoargje.

Keningsdei en 4 maaie 2017
De moarns op Keningsdei binne wy op in trekker en wein troch de buorren gongen om sa op in muzikale wize omtinken te jaan oan de jierdei fan ús kening Willem-Alexander. Yn ferbân mei de grutte fan 'e trekker en wein koenen wy net oeral komme. Op 4 maaie hawwe wy as doarp ek wer de Arumers betocht dy't yn de Twadde Wrâldkriich en yn Nederlânsk Ynje om it libben kommen binne.

Plante-aksje april 2017
Ek dit jier hawwe wy wer mei túnplanten by jim lâns west. Undanks de kjelt hawwe wy dochs noch aardich wat ferkocht. De aksje hat sa'n € 1.600,00 opsmiten. By dizzen ús tank hjir foar.

Spar Clubcactie 12 april 2017
wie it momint fan 'e útrikking fan 'e Spar Clubactie. Hast alle ferienings wienen by Spar Tolsma kommen om te sjen wat hja mei dizze aksje fertsjinne hienen. Us korps is winner wurden mei in opbringst fan € 382,24. Wy hawwe ús earste plak fierd mei in optreden yn de winkel tidens de útrikking. Twadde plak: VV Arum – € 302,31, tredde plak: GV Sparta Arum – € 292,98. Wy betankje elkenien dy't by dizze aksje om ús tocht hat. En fansels tank oan Feike (Spar) en Tjimmie foar dizze aksje foar de Arumer en Achlumer ferienings! Klik hjir foar foto 's

Femuza-festival 8 april 2017
Op 8 april hawwe wy meidien oan it Femuza-festival yn Nijlân. Femuza is de Federatie van muziek- en zangverenigingen yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It festival wie mei tsien dielnimmers tige goed beset. De orkesten moasten tusken de 20 en 40 minuten in programma bringe, mei ien betingst dat ien fan de te spyljen wurken in konkoerswurk wie. Neffens de jury wie it nivo fan de orkesten oer it algemien heech. De orkesten “Hallelujah” Makkum, “Wubbenus Jacobs” Arum en “Hosanna” Wons krigen fan de jury in bysûnder komplimint. De jury hat “Eendracht Maakt Macht” út Aldegea oanwiisd as winner fan it Korpsenfestival. Klik hjir foar foto's