Geschiedenis

Lees meer over de geschiedenis van ons korp (friestalig)

De muzikale meiwurking fan 10 ynhierde musikanten oan in skoalfeest yn 1919 wie de oanlieding om yn Arum in korps op te rjochtsjen. Mei in yntekenlist waard f 300,-- ophelle. Dêr koenen 13 net al te bêste muzyk- ynstrumintenten foar kocht wurde. Doe wie der ek noch f 150,-- nedich foar reparaasjes. Dat bedrach waard byinoar swile troch it útjaan fan rinteleaze-oandielen fan f 5,--. Der waarden 18 jongfeinten oplaad om de musykynstruminten te bespieljen. It wie doe noch net wenst dat froulju lid wienen fan in muzykferiening. En sa waard it korps yn septimber 1920 oprjochte. Ûnder lieding fan de earste dirigint, de hear Wubbenus Jacobs, hawwe hja it oprêden. Wol moasten hja gauris oantrúnd wurde om troch te setten. Mar dêr kinne de measte korpsen wol oer meiprate. It dirigintskip fan de hear Wubbenus Jacobs hat lykwols net lang duorre. Hy kaam by in ûngemak om it libben. Omdat it korps doe noch gjin namme hie, waard besletten it korps nei de hear Wubbenus Jacobs te ferneamen. Yn 1931 waard it dreech om de feriening yn stân te hâlden. De hear J. Ferwerda út Harns, doedestiids dirigint, betanke as dirigint. Foar him yn it plak waard de hear Weisenbach út Penjum beneamd. Weisenbach wie dêr haad fan de Kristlike skoalle. De kontribúsje foar leden ûnder 16 jier waard ferhege fan f 0,10 nei f 0,15 yn ferbân mei in kastekoart fan f 5,50. Der waard hieltyd mar wer op hammere om thús te oefenjen. Yn 1932 waard de hear Weisenbach opfolge troch de hear Yme Visser út Frentsjer. Syn lean wie f 4,-- de repetysje. Ek yn dat jier waard ôfsjoen fan lidmaatskip fan it Bûn fanwegens de "hege kosten". De foardielen woegen net op tsjin de skea. Tiidens de jiergearkomste op 26 sept. 1935 waarden de leden troch direkteur Yme Visser (sa waard in dirigint doe neamd) fûl oanfittere om thús dochs foaral te studearjen. Dat is tige wichtich om eat te berikken. Op'e jiergearkomste yn 1937 waard besletten it skoft ôf te skaffen om sa mear lestiid te krijen. Yn 1938 stiet it faai mei de feriening. Opheffing driiget. Der siet gjin kriich mear yn. 14 leden hawwe ûnder lieding fan de hear J. Blanksma út Wytmarsum dochs trochsetten. Dan brekt yn maaie 1940 de twadde wrâldoarloch út. Tiidens de oarloch is der inkele jierren net repeteard. Nei de oarloch kamen alle leden wer foar it ljocht en wurde de repetysjes fuortset. Der wurde 9 jonge leden oplaad ûnder lieding fan de leden Mebus van Gorkum en Jelle Broersma. Famkes (froulju) melden harren no ek oan. De hear van Gorkum wurdt ek de dirigint. Yn july 1945 is it Bûnskonkoers yn Menaam. Mei "Feeferfier K. Miedema Arum" reizgen de musikanten nei Menaam ta. Mei it musykstik "Morgengloren" waard in 1e priis yn de 4e ôfdeling helle. Yn 1953 lúts de hear van Gorkum him werom as dirigint. Der wie ferlet fan in beropskrêft. De betûfte dirigint C.G. Roelofsen útLjouwert naam de taak op him om de muzikaliteit op in heger peil te bringen en jonge leden op te lieden. Dêr is hy tige goed yn slagge. It gong hieltiid "excelsior" en yn 15 jier tiid berikten wy ûnder syn lieding de eare-ôfdieling. Mar yn 1970 komt de hear Roelofsen troch in slimme sykte te ferstjerren. Nei in proefperioade fan 3 moanne wurdt yn 1970 de hear Piet Lautenbach út Minnertsgea beneamd ta dirigint. Trochdat der in protte jonge leden út Arum weigeane driiget yn 1972 opheffing fan de feriening. Mar de dirigint en it bestjoer hâlde de kop derfoar en sadwaande bliuwt de feriening bestean, wol mei in lyts oantal leden en der komme hast gjin nije leden mear by. De hear Lautenbach nimt yn 1993 ûntslach. It giet op en del mei de feriening. Yn septimber fan datselde jier komt de hear Andries Kramer út De Jouwer by ús as dirigint. Der wurdt alle war dien om jonge leden der by te krijen. Troch mear populêre muzyk en de besieljende lieding fan Andries Kramer melde har nije leden oan. Op 1 july 2000 jouwe wy in konsert yn ferbân mei it 80-jierrich bestean fan ús feriening. Op 8 july 2000 trede wy op yn it ramt fan de "Slachte-maraton" ( Simmer-2000 ). Dit is it lêste optreden ûnder lieding fan Andries Kramer. Dat wy moatte wer omsjen nei in oare dirigint. Dat wurdt de hear Durk Krol út Drachten. Per 1 maart 2001 wurdt hy beneamd.